Skip to main content
Heeft u vragen, opmerkingen, ideeën of suggesties? Stuur ons een e-mail via info@ferwertonline.nl

Mysterieus hondenskelet geeft steeds meer geheimen prijs

Gepubliceerd op: 29 mei 2024
It ûndersyk nei it bonkerak fan de geheimsinnige terpehûn yn it Fries Museum is wer in stapke fierder. It is no dúdlik dat it libben fan de hûn net langer as trije of fjouwer jier duorre hat.

Neidat earder stikken facht, tosk en bonken út it depot besjoen binne, is moandei it skelet sels yn de toanseal opmetten. Dêrfoar moast de fitrinekast der omhinne wei helle wurde. 
 
Op de toanseal is foar ien kear it glês om de hûn hinne fuorthelle om mjittingen te dwaan en fuortendaliks al mear te witten te kommen. "Het is een volwassen hond", seit Canan Çakirlar, archeolooch en ûndersiker by de Ryksuniversiteit Grins.

"Hij heeft niet zoveel pathologieën of slijtages. Ik zou zeggen: drie, vier jaar oud." Mooglik hat in gebytsynfeksje, dy't no dúdlik te sjen is, de deadsoarsaak west.

De hûn is yn it begjin fan de foarige iuw fûn yn de terp by Ferwert. Mei alle nije gegevens wolle ûndersikers in yndruk krije fan wat foar soarte hûn it wie en hokker rol hy spile by de minsken yn de midsiuwen.

"Hij is bewust begraven in de terp", seit konservator Diana Spiekhout. "Dat weten we van deze hond. Maar we willen een goed beeld krijgen. Wat voor soort ziektes hij heeft gehad en wat voor positie hij innam."
 
Yn febrewaris hat Çakirlar meunsters naam fan it hier, de hûd en in tosk. Spiekhout hie dat yn in doaske yn it depot fûn. Letter die bliken dat allinnich it fachthier by de terpehûn hearde.

Oer in pear wiken wurde de resultaten fan it DNA-ûndersyk ferwachte. It Fries Museum wol úteinlik in komplete rekonstruksje meitsje en miskien in look-a-likewedstriid hâlde, knuffelhûnen fan meitsje of in wedstriid útskriuwe foar in namme.


Kijk voor meer foto's en filmpjes op Omrop Fryslân: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/16546632/mysterieus-huneskelet-jout-hieltyd-mear-geheimen-priis