Fanôf juster, 20 o/m 24 maaie, organisearret Opus 3 y.g.m. brassband Excelsior fan Ferwert in bysûnder "POWER SNUFFEL PROJECT"

Oan dit unike gearwurkingsprojekt sille sa'n 75 learlingen fan de beide basisskoalen fan Ferwert, OBS Op e Trije en CBS Op Streek meidwaan.

De learlingen fan de middenbou en de boppebou krije eltse dei les op in trompet fan master Piet v/d Heide. Dit neame wy in "POWER SNUFFEL PROJECT".

Dit projekt wurdt ôfslúten mei in einpresintaasje op freed 24 maaie 2019 om 19.00 oere op it skoalleplein fan CBS Op Streek yn Ferwert. De muzykferiening Excelsior fan Ferwert organisearret dit bysûndere konsert.

Meiwurkers fan dit bysûndere konsert binne: brassband Excelsior, jeugdorkest Solex en 75 trompettisten (basisskoallelearlingen).
snuffelproject
Bron: Opus3

0
0
0
s2smodern