Kommende snein 11 augustus is Buro de Vries tusken 11.00 en 13.00 oere yn Ferwert.

Yn de simmer giet Buro de Vries op doarpetoer. De presintator sit op in terras of yn in kafee earne yn in Ferwert en ûntfangt dêr gasten út it doarp dy't fertelle oer saken dy't spylje. Der is ek in ferslachjouwer dy't nei minsken, bedriuwen en ynstellingen ta giet. Sa ûntstiet der yn twa oeren in portret fan it doarp.

Snein strykt presintator René Koster del op it terras fan kafee It Hoekje en giet Simone Scheffer it doarp yn.

buro de vries
0
0
0
s2smodern