Skip to main content
Heeft u vragen, opmerkingen, ideeën of suggesties? Stuur ons een e-mail via info@ferwertonline.nl

Utfiering fan de klucht: 'Och heden heit'

Gepubliceerd op: 10 januari 2015

Nei ús premiere yn Holwert is it tiid om ús toanielstik foar it “eigen” publyk yn Ferwert del te setten. 

Dit jier spylje wy op 23 jannewaris de klucht:
“Och heden heit”

Oanfang 20.00 oere yn Woonzorgcentrum Foswert te Ferwert

It stik yn it koart:

Taksysjauffeur Jeroen Smit hat in dûbellibben. Hy is troud mei Hanne, dêrby hat er in dochter, Anouk. By Barbara dy at yn Ljouwert wennet hat er in soan, Gert.
Alles is ûnder kontrôle oant Gert en Anouk mei-inoar yn de kunde besykje te kommen. Sa hawwe oant "chatten" west op ynternet en binne entûsjast oer de selde namme-, deselde âldens fan harren heit en dêrom wolle se elkoar perfoast moetsje. Jeroen docht der alles oan om dat te foarkommen, mar hy rêdt it net sûnder help fan hierder Piter. Piter hiert it appartemint boppe harren en is hast bern oan hûs by de Smitten yn Huzum. Se reitsje beide fertize yn harren leagens en bedroch. Piter besiket fan alles om Jeroen út de niten te heljen, mar spitigernôch slagget dat net. Jeroen moat bekenne en dan docht bliken dat de bedrager bedragen is...
Dit alles spilet him ôf yn ien dekor .. in echte sprankeljende klucht. In soad aksje yn in razend tempo!
Pro Rege winsket jimme in tige noflike foarstelling!
Tagongspriis: €7,50
Kom allegear nei dizze gesellige jûn!

ProRege