Op Ferwert Online is de komkommertiid ek oanbrutsen
Komkommertiid; dy tiid yn 't jier dat der net folle nijtsjes binne. De bern ha fakânsje fan skoalle, de measte sportferienings ha simmerstop en gean sa mar troch.
Dy komkommertiid sil ek te merken wêze op Ferwert Online. Dat wol net sizze dat we der net binne!! Nee hear, alhielendal net! Wa 't nijs as aktiviteiten hat te melden; de hiele fakânsje binne we der om it op ús site te setten.
Ek yn de simmermoannen binne fansels moaie plaatsjes te meitsjen foar de rubryk 'Foto van de maand'. Doch jim bêst en stjoer wat op!
Miskien binne jim ek al wer dwaande mei saken te organisearjen foar nei de simmer; jim aktiviteiten - al as net mei in fotootsje derby - kinne jim alfêst stjoere sadat it op de aginda komme kin te stean.
It follen en byhâlden fan in doarpswebsite lykas Ferwert Online dogge wy foar álle ynwenners fan Ferwert; spontane bydrages binne dêrom tige wolkom. Oanfollings op de ynfo dy 't op 'e site stean, flaters dy 't jim tsjin komme, ideeën dy 't jim ha kin jim stjoere nei Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken..
