Skip to main content
Heeft u vragen, opmerkingen, ideeën of suggesties? Stuur ons een e-mail via info@ferwertonline.nl

Jou in bern in boek

Gepubliceerd op: 02 oktober 2014

Ek bern út Ferwert krigen hjoed in boek!

Alle jierren krije de bern út de groepen 2 en 8 fan alle basisskoallen út Ferwert in boek troch de gemeente Ferwerderadiel oanbean.
jouinberninboek1
Hjoed wie groep 8 oan bar: om healwei alven kamen alle bern yn it doarpshûs fan Reitsum. It begûn mei in speurtocht troch Reitsum, de bern moasten letters sykje dy't oeral en nearne yn Reitsum lâns de útstippele rûte oanwêzich wiene. Nei it sammeljen kamen de bern wer yn it doarpshûs, wêr 't Bindert Reitsma de bern it ien en oar út lei oer de skiednis fan Fryslân.

Doe moast der fansels ek puzzele wurde mei de letters dy 't fûn wiene, en dat wie noch net sa maklik! Gelokkich binne der altyd bern dy 't sokke drege opjeften goed oplosse kinne.

jouinberninboek2

Oan it ein fan de moarn krigen de bern datjinge dêr't it eins allegear om begûn wie: it boek. Dit kear hat de kommisje it each falle litten op it boek 'Gek op Skiednis'; geweldige, spannende en bysûndere ferhalen oer Fryslân. jouinberninboek

Nei in tige slagge moarn giene alle bern wer op nei hûs.