HympHamp Theater speelt voor de peuters hun voorstelling 'Jierdei fan pake Romke' in WZC Foswert om 11.00 uur. De entree is € 4,-
It ferhaal:
Alle dagen, as Jeltsje nei skoalle moat, komt se middeis út skoalle wei nei Pake Romke ta. Dat fynt se moai want Pake Romke is in útfiner, hy betinkt de handichste dingen en makket se dan ek sels yn syn “útfiners-hok”. Jeltsje mei him dan helpe en tegearre bouwe se alles wat se mar wolle, mar hjoed mei Jeltsje pake net helpe! Dat is frjemd, pake docht hiel geheimsinnich en Jeltsje moat harsels mar efkes fernúverje… No ja, eins komt dat wol hiel moai út diskear want Jeltsje hat in ferrassing foar pake..! Hy is moarn jierdei en dat ferjit hy sels hielendal! Kin Jeltsje moai in feestje organiseare foar pake mei slingers en taart en musyk! Mar of pake der no wol sa’n nocht oan hat.. en wat giet der no krekt allegear mis?
