Heeft u vragen, opmerkingen, ideeën of suggesties? Stuur ons een e-mail via info@ferwertonline.nl
Ek Ferwert docht mei oan werbestimming-projekt
Gepubliceerd op: 05 oktober 2021
Seis Fryske doarpen yn de Waadkustregio dogge mei oan in projekt fan de provinsje om erfgoed nij libben yn te blazen: fan leech of fertutearze gebou nei ferbliuwsakkommodaasje. It giet om it projekt 'Erfgoed Deal Waddenkust K(l)eigoed'. De bêste ûntwerpen krije in subsydzje oant maksimaal 200.000 euro foar de útfiering fan de plannen. De provinsje hat it projekt opset foar de leefberens yn it Waadkustgebiet.
It giet om projekten yn Sint-Jabik (wettertoer), Lytsewâld (pleats), Ferwert (eardere herberch-brouwerij), Moarre-Ljussens (suvelfabryk), Seisbierrum (tsjerke) en Holwert (winkel). It giet om karakteristike, mar wol leechsteande of fertutearze gebouwen. Dizze gebouwen moatte in nije bestimming krije as ferbliuwsakkommodaasje. De gebouwen bliuwe sa behâlden, leverje in bydrage oan leefberens fan de doarpen én stimulearje it toerisme.
Op 16 desimber wurdt bekend makke hokfoar inisjatyf as it bêste beoardiele is.
Doarpsbelangen Ferwert Hegebeintum hat tegearre mei de eigner fan in pân oan de Hoofdstrjitte 16 yn Ferwert har presintearre op de ynspiraasjemerke fan ‘e provinsje: