Reinder Meekma
Gepubliceerd op: 30 augustus 2016
Namme: Reinder Meekma
Adres: Marrumerweg 9
Wenomstannichheden: Ik wenje hjir mei Jantine Fennema en har 3 bêrn
- Sûnt wannear wennest yn Ferwert?
Sûnt novimber 2000. - Bist yn Ferwert berne of mei in spesifike reden nei Ferwert kaam?
Net mei in spesifike reden. Ik wenne hjertiids mei myn eks yn Snits. Dêr woe ik wol wei omdat ik de romte miste. Nei in lange syktocht, nei in geskikte en fral betelbere wenning, kamen wy úteinlik in Ferwert telâne.
Ik fûn it grappich yn Ferwert te bedarjen omdat in grut diel fan myn foarâlders hjir ek wei kamen. Sawol myn foar- as achternamme ha in ´Ferwerter ferline´. Fûn it wol leuk dêr dan te bedarjen, ik fielde gelyk in bân mei myn nije doarp.
- Hoe foldocht it wenjen hjir?
Hiel goed. Ik fyn Ferwert in leuk doarp, mei moaie âlde gebouwen, aardige minsken, en in prachtige omjouwing. Kinst hjir ek prachtich hurdrinne. Omdat er in protte dykjes binne, kinst else kear wer in oar rûntsje rinne, en it rûntsje sa grut meitsje as self wolst. - Kinst wat fertelle oer de wente dêrst yn wennest?
It is rûn 1910 as wenning bouwd (sjoch swart/wyt foto fan it Fries Foto Archief). Yn’e jierren 50 is it ferbouwd tot Griene Krús Gebouw en dat hat it sa’n 40 jier west. Sadwaande ha in protte Ferwerters harren earste prikjes yn ús hûs hân.
- Wat is dyn favorite plakje yn Ferwert?
Dat is de seedyk. Dêr kom ik hiel graach, te hurdrinnen, op de fyts, of gewoan om te kuierjen. - Wat soest graach feroarje wolle oan it doarp?
We ha in moai skelpepaad op it plak wêr’t hjertiids it spoar rûn. Dat paad soe lâns de Ferwerter Feart troch lein wurde kinnen oan’t De Wym by Hegebeintum ta. Dan kinne wy ek dy kant op prachtich kuierje (en hurdrinne). - Bist ek lid fan in feriening yn Ferwert?
Ik bin wol lid fan in pear ferienings, mar net sa aktyf yn it ferieningslibben. ‘k Ha net sa’n nocht oan it fergaderjen wat dêr bij komt sjin. Dat doch ik oerdei op myn wurk bij de gemeente al genôch. - Wat mist noch yn Ferwert?
Ik fyn dat we best tevreden wêze meie mei wat we hjir ha. Hielendal no’t It Hoekje wer iepen is. - Hast ek noch leuke anekdoates of oantinkens:
Jantine learde ik hast 6 jier ferlyn kinnen tidens de Klaaikroegentocht. We wien toen al sa’n 10 jier doarsgenoaten, wennen in pear hûndert meter bij mekoar wei, mar wisten amper fan mekoars bestean. Dan blykt Ferwert toch best in grut doarp.
De bewoner die deze maand in de spotlight staat mag de pen doorgeven aan een andere inwoner van Ferwert (geen oud-inwoners). Dit kan natuurlijk iemand zijn die je al goed kent, maar net zo goed iemand die je niet kent. Iemand van wie je altijd al eens wat meer zou willen weten!
Reinder geeft de pen graag door aan Willemien Verhoog; binnenkort neemt de redactie van Ferwert Online daarom contact op met Willemien!
