Namme: Johanna Bouma
Adres: De Rijp Ferwert
Wenomstannichheden: We wenje op in buorkerij bûten Ferwert. Myn man is bouboer en we ha tegearre 4 bern.
- Sûnt wannear wennest yn Ferwert?
Ik bin berne in Blije en bin doe ik 17 jier wie nei de Rânestêd gien om te studearjen. Earst ha ik 5 jier yn Den Haag wenne en letter 5 jier yn Haarlem. Yn 2000 rûn ik myn man tsjin it liif en sadwaande bin ik hjir yn 2001 wer telâne kommen.
- Hoe foldocht it wenjen hjir?
We wenje tusken Blije en Ferwert. Soms binne we mear thús yn Blije soms mear yn Ferwert. Blije is lytser hat mear it “ mienskip” gefoel, Ferwert hat mear fasiliteiten.
- Kinst wat fertelle oer de wente dêrst yn wennest?
De pleats is yn de tritiger jierren bout en ôfbaarnd yn 1950. De foarein stie noch en de rest is wer opbout. Ik fyn soms it noch roet yn de kasten.
- Wat is dyn favorite plakje yn Ferwert?
Efter de seedyk op nei it waad, en efter hûs as je soms samar op iens in ree sjogge.
- Wat soest graach feroarje wolle oan it doarp?
Ik soe graach wolle dat der ien basisskoalle wie. It docht it doarp goed en der is dan gjin ûnderskied. Ik tink net dat it foarearst barren giet, we sitte allegearre miskien wol wat te folle te sjen nei wat we ynleverje moatte en net nei wat it ús opbringe kin.
- Bist ek lid fan in feriening yn Ferwert?
Ik sels net mar de bern wol fansels.
- Wat mist noch yn Ferwert?
Ik kin it sa net betinke!