Akkelien van der Weg
Gepubliceerd op: 30 januari 2017
Namme: Akkelien van der Weg
Adres: De Stelling 1
Wenomstannichheden: Ik wenje hjir mei Thomas, Alyanne(2,5 jier) en Jens(5 moanne). En ús hûn Senna.
- Sûnt wannear wennest yn Ferwert?
Ik wenje sûnt 14 july 2012 yn Ferwert. Wy hawwe yn juny 2012 ús hûs kocht. Derfoar wienen wy al n hiel skoft of by myn âlders yn Ternaard of tegearre by Thomas syn âlders hjir yn Ferwert. - Bist yn Ferwert berne of mei in spesifike reden nei Ferwert kaam?
Ik bin nei Ferwert ta kaam foar de leafde. Ik haw sels myn fierdere libben yn Ternaard wenne by myn âlders.
Thomas wennet syn hiele libben al yn Ferwert en woe hjir hiel graach bliuwe. Ik fûn dat hielendal net slim want ik haw hjir yn de ofrûne 10 jier en hiel wat minsken kinnen leart en in freonenkring opbouwt.
- Hoe foldocht it wenjen hjir?
It wenjen yn Ferwert foldocht my hiel bêst, ik fiel my hjir thús. Wy wenje op in prachtich moai plak, freonen en famylje om ús hinne en je hawwe hjir yn’t doarp alles by de hân , foar alle boadskipkes kinst hjir wol te plaken it doarp leit moai sintraal, je binne sa mar yn Dokkum as yn Ljouwert.
- Kinst wat fertelle oer de wente dêrst yn wennest?
It hús wer wy yn wenje is sa’n 15 jier âld, it is in frijsteand ‘blok’hús mei in soad rûmte en ljocht troch alle rúten die at der yn sitte. Derby hawwe wy noch in kantoor en loads foar Thomas syn wurksaamheden en masines, dit is ideaal no’t hy sûnt 2,5 jier syn eigen bedriuw hat. Om it hus hinne hawwe wy ek in soad rûmte en it moaiste fan alles is fansels it frije útsicht wat wy hawwe, prachtich!
- Wat is dyn favorite plakje yn Ferwert?
Myn favorite plakken yn en om Ferwert binne toch wol de seedyk, it Vrijhof en ik kom altyd in protte yn it Ferwerterbosk mei de hûn en de bern. - Wat soest graach feroarje wolle oan it doarp?
Ik soe sa net iets witte wêr’t ik fan fyn dat it echt feroare wurde moat, want neffens my hawwe wy hjir al wol in hiele soad. Wat miskien noch wol ris wat wêze soe is in multifunksioniel sintrum, dêr’t fan alles te belibjen is. Ast sjochst hoe goed at dat yn oare doarpen oanslat, al witte je fansels net at dat hjir ek sa wêze sil omdat wy ek de sporthal hawwe, wat die doarpen miskien dan wer net hawwe. - Bist ek lid fan in feriening yn Ferwert?
Ik bin lid fan de keatsferiening. Doe’t ik begûn te keatsen wie der toch wol flinke opkomst, jamme genôch wurd dat dochs wol hieltyd wat minder. Sels doch ik ek sa faak net mear mei fanwege blessures en de bêrn, mar sa sil dat ek by de oare minsken gean. Mar dochs wol skande, ek foar de feriening, want der wurd toch wol in protte tiid yn stutsen om it sa goed mooglik draaiende te hâlden.
Ek bin ik begûn by Ferwert Fit, wat no sûnt in oantal wiken yn de sporthal is op woansdei te jûne, in moai ynitiatief! - Wat mist noch yn Ferwert?
Neffens my is der net iets wêr’t ik fan sis dat ik it mis yn Ferwert, je kinne hjir fan alles krije. En it is tink ik hiel moai dat it café en de snackbar wer iepen binne, om je hinne heare je allegear goeie dingen der oer! - Hast ek noch leuke anekdoates of oantinkens:
Foar my binne de moaie oantinkens toch wol de leuke stunten die’t wy organisere hawwe mei ús Geitefok-freonen, sa as de nijjjiersdúk, dat wie dochs machtich!
Mar ek mei de doarpsfeesten, om in wein te meitsjen mei syn allen en at 't dan sa’n yndruk makket dat je der jierren dernei noch oer prate mei syn allen.