Bron: Omrop Fryslân

It byld dat de Ferwerter keunstner Hans Jouta makke hat fan swimmer Maarten van der Weijden wurdt nije wike sneontejûn ûntbleate. It byld komt by de haven yn Burdaard te stean.

It byld wurdt ûntbleate troch fertsjintwurdigers fan de tolve organisaasjes dêr't Maarten van der Weijden jild foar byinoar swom hat mei syn earste Alvestêdetocht.

It projekt is in inisjatyf fan fiif ynwenners fan Burdaard. Sy wolle Maarten der eare mei oandwaan, mar it moat ek in besinningsplak wurde foar minsken dy't te krijen hawwe mei kanker. Foar it bestriden fan dy sykte swom Maarten syn Alvestêdetocht. Oer twa wiken docht er dat op 'e nij.

jouta beeldBurdaard
Hans Jouta oan it wurk mei it byld - Foto: Jenno Terpstra
0
0
0
s2smodern