Oer goed trije moannen hat Ferwert in bysûndere primeur. Begjin maaie wurdt dêr it earste Fryske kampioenskip sjipkistracen organisearre. Dêrfoar wurdt yn Ferwert in skâns fan leafst 5,5 meter heech boud.

sjippekist
Ferwert - Foto: Carolien Dijkstra
Ek komt der in spesjaal parkoers. Dielnimmers oan de sjipkisterace stride yn inkelde rondes om de Fryske titel. Sy moatte foldwaan oan in spesjaal opsteld reglemint foardat se meidwaan meie. Der binne mar leafst 31 regels dêr't se oan foldwaan moatte.

De sjipkiste moat oan allerhanne betingsten foldwaan lykas op syn minst trije tsjillen ha. In gewoane skelter sûnder trapers kin in goede basis wêze, in fyts mei sydtsjillen is net tastien.

De kiste mei net langer wêze as 2,5 meter, net breder as 1,5 en net heger as 1,5 meter.

Bron: Omrop Fryslân

 

0
0
0
s2smodern