Wat is it karakter fan Ferwert? Wat foar minsken wenje der en hoe krije jo se aktyf foar it doarp?  Mar ek: hoe giet it doarp dochs posityf de takomst yn, no't gemeentehûs en it Dockinga College ticht binne? Allegear fragen dy't oan 'e oarder kaam binne by Buro de Vries. Fieder dûkten se yn de skiednis fan ús doarp, kamen hja yn 'e kunde mei nijsgjirrige minsken en hearden de oansteklike muzyk fan The Old Pipers.
Buro de Vries wie twa oeren live te gast op it terras fan it koöperative doarpskafee It Hoekje yn Ferwert!

Ha jo dit alles mist? Dan kinne jo de útstjoering hjir werom hearre:
Buro de Vries fan 11 augustus 2019
Bron: Omrop Fryslân

ferwert
0
0
0
s2smodern